Kleuresirkel

In kontinuë kleuresirkel. De punten fan 'e trijehoek wize nei de 'suvere' kleuren read, grien en blau.

In kleuresirkel is in manear om sichtber te meitsjen hoe't primêre en sekundêre kleuren trochinoar hinne rinne. In diskontinuë kleuresirkel jout de ferskillende kleuren wer yn ferskate ôfline bôgepartsjes, wylst yn in kontinuë kleuresirkel de kleuren yninoar oerrinne. Om't der in ûneinich soad kleuren binne, besteane der diskontinuë kleuresirkels mei ferskillende oantallen bôgepartsjes. De ienfâldichste omfiemje seis kleurflakjes: trije foar primêre en trije foar sekundêre kleuren.

In diskontinuë kleuresirkel mei de kleuren read, maginta, blau, syaan, grien en giel.

Developed by StudentB