Kollumersk | ||
algemien | ||
eigen namme | Kòllumers | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | ±1.200 (2004, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Hollânsk-Frysk ● Stedsk ● Kollumersk | |
dialekten | gjint | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
Nederlân: ● Fryslân (as streektaal) |
It Kollumersk (Kollumersk: Kòllumers) is in dialekt fan it Stedsk dat sprutsen wurdt yn Kollum, in doarp yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. Dizze taalfoarm ûntstie yn 'e rin fan 'e achttjinde iuw, mar it is ûndúdlik wêrom't of hoe't it Stedsk him nei Kollum ta útwreide hat. It Kollumersk is in Hollânsk dialekt, en moat net betize wurde mei it Kollumerlânsk of it Pompstersk (fan Kollumerpomp), dat Nedersaksyske taalfoarmen binne, dy't yn it eastlike part fan Kollumerlân sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Kollumersk, no't de skoalbern yn it doarp foar it meastepart Nederlânsktalich grutbrocht wurde.