Kommentaar op Habakuk | ||
It begjin fan it Kommentaar op Habakuk. | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 2e helte 1e iuw f.Kr. | |
1e publikaasje | 1951 |
It Kommentaar op Habakuk is in sektaryske joadske tekst dy't 'e midden fan 'e tweintichste iuw te Qumran, yn it Westjordaanlân, ûntdutsen waard as ûnderdiel fan 'e skat oan âlde geskriften dy't bekend kommen is te stean as de Deade-Seerôlen. It wie ien fan 'e oarspronklike sân boekrôlen dy't yn 1947 yn Grot 1 te Qumran ûntdutsen waarden en yn 1951 publisearre waarden. It is oerlevere yn ien manuskript, dat bekend stiet as 1QpHab (Grot 1/Qumran/pešer/Habakuk), en is in pešer of pesher, in Hebriuwske term foar in beskate foarm fan skriftlik kommentaar op in religieuze tekst, yn dit gefal op it âldtestamityske bibelboek Habakuk. Fanwegen syn iere ûntdekking, flugge publikaasje en relatyf ûnskansearre steat is it Kommentaar op Habakuk ien fan 'e faakst en meast yngeand ûndersochte teksten fan 'e Deade-Seerôlen.