Gemeente Leien
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Súd-Hollân | ||||||
Boargemaster | Henri Lenferink (PvdA) | ||||||
Haadplak | Leien | ||||||
Oerflak - wetter |
23,16 km² - 1,16 km² | ||||||
Ynwenners | 117.485 | ||||||
Ferkearsieren | A4, A44, N11 | ||||||
Netnûmer | 071 | ||||||
Postkoades | 2300-2334 | ||||||
Offisjeel webstee | www.leiden.nl |
Leien[1] (Nederlânsk en offisjeel: Leiden) is in stêd en gemeente yn de provinsje Súd-Hollân, mei 119.800 ynwenners[2] en mei in gebiet fan 23,16 km², wêrfan 1,16 km² wetter. Neffens ynwennertal is Leien nei Rotterdam, De Haach en Soetermar de fjirde gemeente fan Súd-Hollân. Sleutelstad ('Kaaistêd') is de bynamme fan de stêd, ferwizend nei it stêdswapen.
Leien hat de âldste universiteit fan Nederlân. Dêrneist is de stêd bekend om syn rike skiednis en de âlde binnenstêd. De binnenstêd hat in soad grêften, monumintale bouwurken en hofkes.