In letter of karakter is in teken om yn de skreaune taal ien of soms mear klanken út de sprutsen taal wer te jaan. De letters dy't yn in taal brûkt wurde, foarmje mei elkoar it alfabet fan dy taal. In lyts oantal letters is hjirby genôch foar alle wurden. Under de tsien tekens is al mooglik, mar hoe better de letters de spraak en dus alle klanken ofwol klankynventaris fan in taal fertsjintwurdigje moatte kinne, nammerste mear tekens der nedich binne. Dochs bliuw dit oantal hast altiten ûnder de fyftich, wat it alfabet op de keper beskôge ta in handiger middel om sprutsen taal wer te jaan makket as de hieroglifen.