Ljouwert (gemeente)

Ljouwert

De binnenstêd fan Ljouwert.
flagge wapen

Wapen fan Ljouwert
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Sybrand van Haersma Buma
   (CDA)
sifers en geografy
haadplak Ljouwert
grutste plak Ljouwert
ynwennertal 128.867 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 497,4 / km²
oerflak 252,38 km²
tal stêden 1
tal doarpen 35
ferkearsieren A31, A32, N355, N357, N359
skiednis
oprjochte 1435; weroprj.: 1943, 2014,
   2018
oant 1851 Gemeente Ljouwert
Gritenij Baarderadiel
Gritenij Idaerderadiel
Gritenij Ljouwerteradiel
Gritenij Raerderhim (diel)

1851 – 1984 Gem. Ljouwert
Gem. Baarderadiel
Gem. Idaerderadiel
Gem. Ljouwerteradiel
Gem. Raerderhim (diel)

1984 – 2014 Gem. Ljouwert
Gem. Boarnsterhim (diel)
Gem. Littenseradiel (diel)
Gem. Ljouwerteradiel

2014 – 2018 Gem. Ljouwert
Gem. Littenseradiel (diel)
Gem. Ljouwerteradiel
oar
netnûmer 058, 0566, 0517, 0518
postkoade 8831-8835, 8900–9089
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.leeuwarden.nl
Dizze side giet oer de gemeente Ljouwert. Foar de stêd, sjoch: Ljouwert (stêd).

Ljouwert (Nederlânsk en offisjeel:Leeuwarden; Stedsk: Liwwadden) is in gemeente yn 'e midden fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. Oarspronklik wie dizze gemeente folle lytser as dat er no is, mei't der troch de jierren hinne ferskate kearen útwreide is, te witten mei dielen fan 'e buorgemeenten Ljouwerteradiel, Boarnsterhim en Littenseradiel. Yn 2018 gie Ljouwerteradiel sels hielendal yn Ljouwert op. De gemeente Ljouwert hie op 1 jannewaris 2024 in befolking fan 128.867 (boarne: CBS) en besloech in oerflak fan 252,4 km², wêrfan mear as 16 km² wetter.

De gemeente Ljouwert yn 1866.

Developed by StudentB