Lytse Profeten

De Lytse Profeten foarmje in ûnoffisjele ûnderferdieling fan guon bibelboeken fan it kristlike Alde Testamint. Dêr wurde de folgjende boeken ta rekkene:

De namme "Lytse Profeten" hat neat mei de steat fan tsjinst fan 'e oangeande profeten fan dwaan en alhielendal net mei harren postuer, mar slacht inkeld op 'e lingte fan 'e teksten dy't harren namme drage. Itselde jildt foar syn wjergader, de "Grutte Profeten".

De joadske Bibel, de Tenach, hâldt in oare folchoarder fan boeken oan en ferdielt de profeten yn 'e Eardere Profeten, Neḇi'im Rišonim, en de Lettere Profeten, Neḇi'im Aḥaronim. De Lytse Profeten wurde dêrby gearboske ta ien bibelboek, Ṯrei Asar ("De Tolve"), dat in part is fann 'e Lettere Profeten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Developed by StudentB