Media

Media, of Massamedia binne helpmiddels foar massakommunikaasje. By útwreiding wurde ta de media ek de minsken en ynstellings rekkene dy't harren direkt of yndirekt dwaande hâlde mei it oanbieden fan ynhâld fia dy helpmiddels. Oant en mei de ein fan de 19e iuw wienen benammen it direkt sprutsen en skreaune wurd de wize fan kommunisearjen. Dêrby kamen letter de dei- en wykblêden, de fotografy, de telegrafy, de telefoan, de radio, de film, de telefyzje, en sûnt de ein fan de 20e iuw it ynternet. Meiïnoar spylje sy in wichtige rôl yn de deistige nijsfoarsjening.


Developed by StudentB