Merlyn

Merlyn
In yllustraasje fan Merlyn troch Howard Pyle foar The Story of King Arthur and His Knights (1903).
In yllustraasje fan Merlyn troch Howard Pyle foar
The Story of King Arthur and His Knights (1903).
persoanlike bysûnderheden
sekse man
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Keltysk
berop/amt tsjoender
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
kening Arthur, Lânselot,
Guinevere, Morgan le Fay,
Frouwe fan de Mar
attributen toverstêf, mantel,
punthoed
geastlike heit Geoffrey fan Monmouth
ûntstean ±1136

Merlyn is in legindarysk persoan dy't ferneamd waard as de hoftsjoender fan kening Arthur yn 'e arthurleginden en de Welske poëzij út 'e Midsiuwen. Yn 'e foarm dêr't er yn bekend waard, ferskynde er foar it earst yn 'e Historia Regum Britanniæ, in wurk dat omtrint 1136 skreaun waard troch Geoffrey fan Monmouth. Sa't er dêr yn foarsteld waard, wied er in amalgaam fan eardere histoaryske en mytyske figueren. Geoffrey kombinearre nammentlik besteande ferhalen oer Myrddin Wyllt, in profeet en bard út Hen Ogledd dy't alhiel gjin bân mei kening Arthur hie, mei ferhalen oer de Romeinsk-Brittannyske oarlochslieder Ambrosius Aurelianus, dêr't Arthur wierskynlik op tebekgiet, om in personaazje te foarmjen dat er Merlyn Ambrosius neamde (Welsk: Myrddin Emrys).

De Merlyn fan Geoffrey waard daliks tige populêr, benammen yn Wales. Lettere auteurs wreiden de beskriuwing fan him út om ta in folsleiner persoansbyld te kommen. Neffens syn tradisjonele biografy soe Merlyn de soan fan in minsklike frou en in demoanyske ynkubus wêze. Hy ûntjout him ta in wize, en brûkt manipulaasje, politike yntriizjes en de magyske krêften dy't er fan syn boppenatuerlike heit urven hat om 'e berte fan Arthur te bewurkmasterjen. Yn 'e wurken fan lettere auteurs tsjinnet er Arthur as hoftsjoender en is er in soarte fan mentor foar de ridders fan 'e Rûne Tafel, oant er behekst en foar ivich finzenset (of yn guon ferzjes fermoarde) wurdt troch de Frouwe fan de Mar. Hy soe begroeven lizze yn it magyske wâld Brocéliande.


Developed by StudentB