Midingelsk

Midingelsk
algemien
taalgebiet Ingelân, súdlik Skotlân
   en dielen fan Ierlân
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Angelsaksysk
          ● Ingelsk
            ● Midingelsk
skaaimerken
tiidrek 10661500
ûntstien út Aldingelsk
ûntjûn ta Nijingelsk
Aldskotsk
Fingaalsk
Yola
taalkoades
ISO 639-2 enm
ISO 639-3 enm

It Midingelsk (Ingelsk: Middle English) is de histoaryske foarm fan it Ingelsk, sa't dat yn 'e snuorje tusken om-ende-by 1066 en 1500 sprutsen waard yn wat no Ingelân en súdlik Skotlân is, mei dêropta dielen fan Ierlân. Dit taalstadium ûntjoech him om 'e tiid fan 'e Normandyske Ynvaazje út it eardere Aldingelsk (of Angelsaksysk), en ûntwikkele him meitiid ta it Nijingelsk. It Midingelsk waard karakterisearre troch in withoe sterke ynfloed fan it Normandysk, in nau oan it Frânsk besibbe Romaanske taal, en in fierdere ôfsliting fan it namfallesysteem en oare yngewikkelde grammatikale ferbûgings.


Developed by StudentB