Mitsubishi Ki-46 | |
---|---|
Fabrikant | Mitsubishi |
Earste flecht | septimber 1939 |
Yn tsjinst | july 1941 |
Produksjejierren | 1941 oant 1944 |
Tal makke | 1742 |
De Mitsubishi Ki-46 "Dinah" wie in flugge twamotorige ferkenningsfleanmasine fan it Keizerlik Japanske leger yn de Twadde Wrâldkriich.
De earste flecht fan it prototype wie 14 novimber 1939. De earste produksjemodellen waarden yn 1941 operasjoneel. De waard yn it foarste plak as lange-ôfstâns ferkenner ynset. Mei in topfaasje fan boppe de 600 km/o wie it ek foar te fluchste Alliearde jagers tige dreech om him te ûnderskeppen.
It ûntwerp fan de Ki-46 wie konvinsjoneel: in leechdekker mei in grutte cockpit fan glês foar twa man en twa stjermotors yn de fleugels. It tastel hie goede aerodynamyske kwaliteiten. Tsjin de ein fan de oarloch wiene der 1742 eksimplaren fan makke.