Muhammad Ali | ||
sporter | ||
Muhammad Ali yn 1965. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Muhammad Ali | |
bynamme | the Louisville Lip the Greatest the People's Champion | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 17 jannewaris 1942 | |
berteplak | Louisville (Kentucky) | |
stjerdatum | 3 juny 2016), | |
stjerplak | Scottsdale (Arizona) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk Iersk Ingelsk Italjaansk Malagassysk Skotsk | |
lingte | 1,91 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | boksen | |
ûnderdiel | swiergewicht | |
earste titel | SK Kentucky, amateurs | |
O.S. | Rome 1960 (kat. licht swiergewicht) | |
debút | 1960 (as prof) | |
karriêre-ein | 1981 | |
ekstra | Pres. Frijheidsmedalje 2005 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 1960 3x goud WK |
Muhammad Ali (berne as: Cassius Marcellus Clay jr.; Louisville (Kentucky), 17 jannewaris 1942 - Scottsdale (Arizona), 3 juny 2016), wie in Amerikaansk bokser fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy wûn û.m. in gouden medalje op 'e Olympyske Spullen fan 1960 en trije wrâldkampioenskippen. Ali wie ûnder syn karriêre in kontroversjeel figuer yn 'e sportwrâld, dy't yn 'e Feriene Steaten foar opskuor soarge troch him ta de islaam te bekearen en syn namme te feroarjen en om't er wegere yn 'e Fjetnamoarloch te fjochtsjen. Lykwols waard er rûnom beskôge as de grutste swiergewichtbokser ea.