In nacht is de tsjustere perioade fan in etmiel, en dêrmei it tsjinstelde fan 'e dei. De nacht begjint feitlik net, sa't faak tocht wurdt, as de sinne ûndergiet, mei't dêrnei earst noch in perioade fan twiljocht folget dy't de jûnsskimer neamd wurdt, en dy't noch ta de nacht, noch ta de dei heart. Pas as de sinne oan 'e ein fan 'e jûnsskimer fierder as 18° ûnder de hoarizon sakket, wurdt it wier tsjuster en begjint dêrmei de nacht. De nacht einiget as de sinne op 'e iere moarn minder as 18° ûnder de hoarizon komt te stean, en dêrmei in nije perioade fan twiljocht, de moarnsdage, úteinset. Oan 'e ein fan 'e moarnsdage begjint mei it opkommen fan 'e sinne (boppe de hoarizon) de dei.
De doer fan 'e nacht hinget ôf fan 'e breedtegraad fan jins geografyske lokaasje en fan 'e jiertiid. Yn 'e tropen binne dei en nacht it hiele jier troch fierhinne fan gelikense lingte en binne de beide perioaden fan twiljocht mar hiel koart. Op hegere en legere breedtegraden leit dat oars. Dêr binne de perioaden fan twiljocht it hiele jier troch langer, en boppedat binne dêr yn 'e winter de nachten oansjenlik langer (en de dagen koarter), wylst by 't simmer krekt de dagen langer binne (en de nachten koarter). Plakken binnen de beide poalsirkels, yn it uterste noarden en suden fan 'e Ierde, hawwe by 't simmer teminsten ien dei yn 't jier dat der hielendal gjin nacht is, as de poaldei oanhâldend 24 oeren efterinoar duorret. Oarsom hawwe se by 't winter ek teminsten ien dei yn 't jier dat de sinne hielendal net opkomt, en dat de poalnacht 24 oeren efterinoar oanhâldt.
Hoewol't de nacht yn it foarste plak mei tsjuster assosjearre wurdt, is it mar komselden folslein tsjuster. By helder waar skine de stjerren en wjerskynt de moanne it ljocht fan 'e sinne. Fral as it ljochtmoanne is, kin men nachts faak goed út 'e fuotten. Oan 'e oare kant sjocht men as de loft berûn is en it ek noch tsjustermoanne is, nachts faak gjin hân foar eagen. Yn eardere tiden, foar de útfining fan 'e elektrisiteit, wie de nacht dêrom in tiid dat der net folle dien waard, om 'e ienfâldige reden dat der gjin of te min ljocht foar wie. Ferljochting kaam doedestiden meast fan kjersen, dy't net inkeld djoer wiene en mar in teisterich ljocht joegen, mar ek noch brângefaarlik wiene. Sadwaande siet men jûns faak 'te skimerjen', wat ynhold dat men by it tatsjusterjende twiljocht yn 'e hûs siet te praten. As it wier nacht waard, gie men op bêd, om der by it earste ljocht faak wer ôf te kommen.
Foarhinne waard it libbensritme fan 'e minske sadwaande folle mear bepaald troch it dei-nachtritme. Hjoed de dei is dat fanwegen de rûnombywêzige beskikberheid fan keunstmjittich ljocht net mear nedich. Dêrtroch is no ek de 24-oersekonomy mooglik wurden. Net inkeld yn gebouwen wurdt no de nacht ferljochte, mar ek dêrbûten, mei strjitferljochting. It oermjittich gebrûk dêrfan liedt ta ljochtfersmoarging, dy't it yn tichtbefolke gebieten, lykas West-Jeropa, dreech makket om 'e nachthimel goed waar te nimmen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|