Nederhorst den Berg is in doarp en eardere gemeente yn de gemeente Widemarren yn Noard-Hollân. It plak hat, ynklusyf de omjouwing 5150 ynwenners (2004) en is ûnder oare bekend troch Kastiel Nederhorst.
It doarp wurdt faak ferkoarte "Nederhorst" of soms "Den Berg" neamd, de ynwenners "Bergers".
De kearn Overmeer foarmet in ûnderdiel fan Nederhorst den Berg. De delsetting by 'de Berg' hjitte oarspronklik Werinon. De kearnen Overmeer en Werinon binne fan oarsprong Ier Midsiuwske delsettings dy't, yn tsjinstelling oant hast (op Dorssen by Vreeland nei) alle delsettings lâns de Fecht net oan de westside leine, mar oan de eastside. Nei alle wierskyn wiist dit op de skieden goa-yndieling (Nifterlake) oan beide kanten fan de Fecht.
De gemeente Nederhorst den Berg waard yn 1818 oprjochte. Op 1 jannewaris 2002 waarden de gemeenten Loasdrecht, Grevelân en Nederhorst den Berg gearfoege en krige de namme Widemarren.
Nederhorst den Berg is,sa't de namme al oanjout, ûntstien op in heech punt yn de bocht fan de Fecht. Al yn de 13e iuw waard derneist de delsetting in kastiel stifte. De doarpsplattegrûn is fierder ta stân komd troch de Reefeart dy't oant de dimping yn 1969 troch it doarp rûn. Troch sânwinning is it rekreaasjegebiet Spiegel- en Blijkpolderplas ûntstien. Om dizze plassen binne fyts-, wannelpaden en ruterrûtes. Yn de simmer kin swom wurde op de ferskillende strantsjes. Yn 2008 is de Gabriel-turborotonde iepene dy't de Provinsjale wei 236 en Provinsjale wei 201 mei elkoar ferbine.