Nedersaksysk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Saksysk | |
eigen namme | Nedersassies | |
lânseigen yn | Nederlân en Noard-Dútslân | |
tal sprekkers | 1.616.000 | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nedersaksysk - Nedersaksysk | |
dialekten | Hegelânsk, Westerkertiersk, Pompstersk, Grinzersk, Aldamtsk, Westerwâldsk, Feankoloniaalsk, Noarddrintsk, Middendrintsk, Súddrintsk, Stellingwerfsk, Urksk, Sallânsk, Skoanebeeksk, Twintsk, Twintsk-Efterhoeksk, Efterhoeksk, Noardfeluwsk, Eastfeluwsk, Westfeluwsk | |
taalstatus | ||
offisjele status | it Nedersaksysk genietet yn Nederlân erkenning as minderheidstaal | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | n.f.t. | |
ISO 639-2 | nds | |
ISO 639-3 | nds |
It Nedersaksysk is in taal dy't heart ta de Súdwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen en sprutsen wurdt yn it noardlik diel fan Dútslân en noardeastlik Nederlân. Foarhinne waard it wol Saksysk of gewoan "Plat" neamd, mar ornaris brûke de sprekkers foar harren taal de namme fan har eigen dialekt (dus "Stellingwerfsk" of "Twintsk"), or oars ek wol Plat. De beneaming "Nedersaksysk" wie oant 'e jierren njoggentich fan 'e tweintichste iuw frijwol útslutend bekend ûnder taalkundigen, mar wurdt no algemiener brûkt.
It Nedersaksysk hat yn Nederlân erkenning as minderheidstaal en is yn 1996 troch it Nederlânske regear opjûn ûnder Diel II fan it Jeropeesk Ferdrach foar Streek- en Minderheidstalen. Nedersaksyske taalstriders stribje lykwols nei in hegere erkenning, ûnder Diel III, sa't it Frysk dy hat.