Paralympyske Winterspullen 2018

XIIe Paralympyske Winterspullen
holden yn Pyeongchang (Súd-Koreä)
jier 2018
data 9-18 maart
organisator IPC
dielnimmende lannen 49
dielnimmende atleten >570
eveneminten 80 yn 6 sporten
iepeningsseremoanje 9 maart
slutingsseremoanje 18 maart
edysjes
foarige Sotsji 2014
folgjende Peking 2022
Temaside  Sport

De Paralympyske Winterspullen 2018 (Koreaansk: 평창 동계 패럴림픽; transliteraasje: Pyeongchang Donggye Paereollimpik) wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint foar atleten mei in lichaamlike beheining, yn 'e tradysje fan 'e Paralympyske Spullen, dat begjin 2018 holden waard yn it Súdkoreaanske Pyeongchang. Hjiroan namen 49 lannen en mear as 570 sporters diel. It wie de tolfde kear dat de Paralympyske Simmerspullen organisearre waarden. De iepeningsseremoanje fûn plak op 9 maart en de ôfslutingsseremoanje op 18 maart. It sportbarren omfieme 80 ûnderdielen yn 6 ûnderskate sporten. It snowboarden, dat op 'e foarrige edysje fan 'e Paralympyske Winterspullen, yn 2014 yn Sotsji, noch út twa ûnderdielen bestie en ûnderbrocht wie by it alpineskyen, waard yn Pyeongchang foar it earst yn tsien ferskillende ûnderdielen en as in selsstannige sport beoefene. Foar de Paralympyske Winterspullen fan Pyeongchang waarden deselde fasiliteiten brûkt dy't earder, yn febrewaris, brûkt wiene foar it hâlden fan 'e Olympyske Winterspullen.


Developed by StudentB