In patronym (Latyn foar "heitenamme") is in ûnderdiel fan 'e namme fan in minske dat basearre is op 'e foarnamme fan jins heit, pake of in oare manlike foarfaar. Sokke nammen komme tsjintwurdich yn 'e Westerske wrâld meast yn ferstienne foarm as efternammen foar, wêrby't se dus net mei eltse generaasje mear feroarje. Wiere patronimen wurde lykwols ek noch altyd brûkt, net selden yn kombinaasje mei ferstienne foarmen. It tsjinstelde fan in patronym is in matronym, in namme dy't basearre is op 'e namme fan jins mem, beppe of in oare froulike foarmem.