Poalsk

Poalsk
algemien
eigen namme język polski
lânseigen yn Poalen, , emigranten yn Feriene Steaten
tal sprekkers 38,5 miljoen memmetaalsprekkers, 50 miljoen totaal
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
dialekten ?
taalstatus
offisjele status Poalen
taalkoades
ISO 639-1 pl
ISO 639-2 pol
ISO 639-3 pql

Poalsk (język polski, polszczyzna) is de offisjele taal fan Poalen. It is de grutste West-Slavyske taal en de twadde grutste Slavyske taal nei it Russysk. It is in toer de taal te learen taal troch de komplisearde grammatika.

Yn it ferline wie it Poalsk in wichtige taal yn sintraal- en east-Jeropa. Hjoed wurdt troch 38.5 miljoen sprekkers it Poalsk as earste taal brûkt yn Poalen. It is ek de twadde taal fan Wyt-Ruslân, Litouwen en de Oekraïne. Troch emigraasje kinst û.o. yn Austraalje (lân), Kanada, Grut-Brittanje en de Feriene Steaten fan Amearika minsken fine dy de Poalske taal machtich binne. Dêr binne oer de wrâld mear as 50 miljoen minsken dy't it Poalsk behearskje.


Developed by StudentB