Profeet

In profeet of sjenner is in persoan dy't, yn it ramt fan in beskaat leauwe, úthâldt dat hy (of sy; yn dat gefal in profetesse of sjenneresse) yn kontakt stiet of stien hat mei it boppenatuerlike of it godlike, en dêrfoar sprekt. Hy foarmet sa in brêge of in midsman tusken de minskheid en de goadewrâld, en bringt dêrby gauris nijwûne of nijfûne kennis oer fan syn boppenatuerlike patroan oan 'e leauwenden. Syn boadskip wurdt dan in profesije neamd.

It wurd "profeet" komt fan it Grykske προφήτης, profētēs, dat "abbekaat" betsjut. Yn 'e rin fan 'e skiednis hawwe der profeten fan withoefolle religyen west, mar wêr't yn 'e Westerske kultuer ornaris oan tocht wurdt by it hearren fan it wurd "profeet", binne de bibelske profeten fan it joadendom en it kristendom, lykas Elía, Eliza, Jesaja, Jeremia of Jona. Yn 'e islamityske kontekst wurdt mei "profeet" almeast tsjutten op Mohammed, al erkent de islaam njonken him ek noch in hiele rige eardere profeten dy't ek yn it joadendom en it kristendom foarkomme, sij it ûnder arabisearre nammen, lykas Ilyas (Elía), Al-Yasa (Eliza) en Yunus (Jona). Ek yn it âlde Grikelân, yn Middeneastlike godstsjinsten as it soroästrisme en it mandeïsme, en yn 'e lânseigen religyen fan Afrika en Noard- en Súd-Amearika komme profeten foar. Yn Aziatyske godstsjinsten besteane foar sokke religieuze foaroanmannen yn 'e regel oare termen, lykas boeda (boedisme), sadhu of yogi (hindoeïsme) of goeroe (sikhisme).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.



Developed by StudentB