Robert E. Howard

Robert E. Howard
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Patrick Ervin, Sam Walser
echte namme Robert Ervin Howard
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 jannewaris 1906
berteplak Peaster (Teksas)
stoarn 11 juny 1936
stjerplak Cross Plains (Teksas)
etnisiteit Iersk
wurk
taal Ingelsk
sjenre sword and sorcery, weird
fiction
, westerns, horror,
histoaryske fiksje, sportfiksje
perioade 1e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
ferhalen oer Conan de Barbaar
ferhalen oer Solomon Kane
ferhalen oer Kull fan Atlantis
jierren aktyf 19221936
offisjele webside
www.rehfoundation.org

Robert E. Howard (folút: Robert Ervin Howard, troch syn fans soms REH neamd; Peaster (Teksas), 22 jannewaris 1906Cross Plains (Teksas), 11 juny 1936) wie in Amerikaansk skriuwer fan pulpfiksje yn in ferskaat oan sjenres. Hy is bekend wurden as de geastlike heit fan 'e ferneamde held Conan de Barbaar, hoewol't er folle mear personaazjes betocht, lykas Solomon Kane en Kull fan Atlantis. Howard skreau benammen koarte ferhalen, en njonken syn proaza dichte er ek. Hy wurdt rûnom beskôge as de grûnlizzer fan sword and sorcery, in subsjenre fan 'e fantasyliteratuer, mar hy skreau ek aventoere-, eroatyske, histoaryske, horror-, komyske, misdie-, sport- en westernferhalen. Howard wie hikke en tein yn Teksas en begûn al op jonge leeftyd syn ferhalen te publisearjen. Doe't er tritich jier wie, makke er himsels fan kant nei it ferstjerren fan syn mem. Syn grutste súkses en ynfloed hied er sadwaande postúm.


Developed by StudentB