Sacramento | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Sacramento County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 485.199 (2014) | |
Oerflak | 259,3 km² (ynkl. wetter) 253,6 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.861,9 / km² | |
Stêdekloft | 2.149.000 (2012) | |
Hichte | 7,6 m | |
Oar | ||
Stifting | 1848 | |
Tiidsône | UTC –8 | |
Simmertiid | UTC –7 | |
Koördinaten | 38°33′20″N 121°28′08″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityofsacramento.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Sacramento yn Sacramento County en yn 'e steat Kalifornje. |
Sacramento is de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, en teffens it haadplak fan it omlizzende Sacramento County. De stêd leit yn 'e Sintrale Delling, yn 'e regio Noardlik Kalifornje, op it plak dêr't de rivieren de Sacramento en de American gearfloeie. Neffens in offisjele skatting út 2014 hie Sacramento doe goed 485.000 ynwenners, wêrmei't it 6e stêd fan Kalifornje is. De hiele stêdekloft fan Sacramento hat 2,2 miljoen ynwenners.