In see is in grutte hoemannichte sâlt wetter, dy't yn ferbining stiet mei in oare see of mei in wrâldsee. Yn brede sin jildt it wurd foar al sokke wetters, mar it wurdt almeast beheind ta wetter op it kontinintaal plat mei in iepen ferbining nei de wrâldsee. In see bûten it kontinintaal plat dy't in selsstannich gehiel foarmet mei in eigen sirkulaasje hjit dan in wrâldsee; by in see, ynsletten troch lân mei in ferbining dy't út ien of mear seestrjitten bestiet, sprekt men dan fan in binnensee. In grutte hoemannichte sâlt wetter dy't lykwols gjin ferbining mei in see hat, hjit wol sletten see.
Seeën wurde fieden troch rivieren en troch reinwetter.