De Skotten (Ingelsk: Scottish; Skotsk: Scots Fowk; Skotsk-Gaelysk: Albannaich) binne in folk dat lânseigen is yn it nei harren neamde Skotlân, dat it noardlike trêdepart omfiemet fan it eilân Grut-Brittanje, foar de Atlantyske kust fan Noardwest-Jeropa. Histoarysk binne de Skotten in gearraning fan in stikmannich ûnderskate folken, dy't yn 'e Iere Midsiuwen it Keninkryk Skotlân as in ûnôfhinklike steat fêstigen. Hoewol't dy ûnôfhinklikens yn 1707 ferlern gie, binne de Skotten as in tige werkenbere etnyske groep bestean bleaun, en hawwe se har yn 'e moderne tiid oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat, mei as gefolch dat der hjoed de dei mear Skotten bûten as yn Skotlân wenje. Yn 2009 waard rûsd dat der yn totaal wrâldwiid 28 oant 40 miljoen Skotten en minsken fan Skotsk komôf binne.
Trochdat de Skotten fuortkommen binne út mear as ien folk, hawwe se oant hjoed de dei ta mear as ien taal, te witten it Germaanske Skotsk en it Keltyske Skotsk-Gaelysk. Beide binne lykwols sûnt likernôch 1600 almar fierder yn 'e knipe kommen troch de opmars fan it Ingelsk, dat tsjintwurdich troch de measte Skotten as har memmetaal sprutsen wurdt. Skotten binne yn mearderheid kristenen, wêrby't sawol it protestantisme as it roomsk-katolisisme oansjenlike oanhing hat. Ikoanen fan 'e Skotske kultuer binne û.m. de kilt (of manljusrok), it tartan (de weve wollene stof mei rútsjepatroan) en de doedelsek (in muzykynstrumint). Foarhinne wie benammen ûnder de bewenners fan 'e Skotske Heechlannen en de Hebriden it clanwêzen ek tige wichtich.