Skrikkeljier

In skrikkeljier of stokkejier is in metoade om it ferskil op te heinen tusken in kalinderjier en it sinnejier. Om't de ierde yn likernôch 365,2422 dagen om 'e sinne hinne rint, soe in kalinder fan 365 dagen in hieltyd gruttere ôfwiking krije. Dêrom hawwe de Gregoriaanske en Juliaanske kalinders ien kear yn de fjouwer jier in skrikkeljier; in jier mei in febrewarismoanne fan 29 dagen, dy't it jier 366 dagen lang makket.

It probleem foar de Juliaanske kalinder wie dat dizze korreksje te grut is. Dêrom is der yn de Gregoriaanske kalinder gjin skrikkejier yn it jier dat in iuw ôfslút, lykas 1800 of 1900, útsein it jiertal is dielber troch 400. It jier 2000 wie dus al in skrikkeljier.

Yn sinnemoannekalinders wurdt yn in skrikkeljier in hiele moanne tafoege, om't in jier dêr altyd op itselde stuit yn in moannesyklus begjinne moat, meast nijmoanne. Sa hat de hebriuwske kalinder sân kear yn eltse njoggentjin jier in skrikkeljier, mei efter Adar de skrikkelmoanne Adar Sheni, twadde Adar.


Developed by StudentB