Sotsji Сочи | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Ruslân | |
Federaal distrikt | Súd | |
kraj | Krasnodar | |
Sifers | ||
Ynwennertal | stêd: 446.599 (2023) gemeente: 561.793 (2023) | |
Oerflak | stêd: 176,77 km² gemeente: 3505 km² | |
Befolkingsticht. | 2.526,44 ynw./km² | |
Hichte | 30 m | |
Oar | ||
Stifting | 1838 1917 (stedsstatus) | |
Tiidsône | MSK UTC+4 | |
Simmertiid | UTC | |
Koördinaten | 49° 35 'NB, 39° 43 'EL | |
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee | ||
Kaart | ||
Sotsji (Russysk: Сочи) is in Russyske stêd en gemeente yn it suden fan 'e kraj Krasnodar, justjes benoarden de grins mei de Geörgyske regio Abchaazje[1] oan de Swarte See yn de Noardlike Kaukasus. It is it wichtichste baaiplak fan Ruslân en wurdt ek wol de 'Russyske riviêra' neamd. De agglomeraasje Grut-Sotsji hat in lingte fan 147 kilometer en wurdt wol de 'op ien nei langste stêd yn de wrâld' neamd, al bestiet Grut-Sotsji feitlik út mear as ien plak. De agglomeraasje rint fan de rivier de Sjepsi oant de rivier de Psou, dêr't ek de grins mei Abchaazje leit.