Star Trek: The Next Generation

Star Trek: The Next Generation
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Gene Roddenberry
produsint Maurice Hurley (1988-1989)
Michael Piller (1989-1994)
Jeri Taylor (1993-1994)
útfierend
   produsint
Gene Roddenberry (1987-1991)
Rick Berman (1989-1994)
tillefyzjestudio Paramount Domestic
   Television
spilers
haadrollen Patrick Stewart
Jonathan Frakes
Brent Spiner
Michael Dorn
Marina Sirtis
LeVar Burton
Denise Crosby (seiz. 1)
Gates McFadden (seiz. 1 en 3-7)
Diana Muldaur (seiz. 2)
Wil Wheaton (seiz. 1-4)
skaaimerken
sjenre science fiction
seizoenen 7
jierren 19871994
tal ôfl. 178
spyltiid (ôfl.) 44 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
prizen 19 × Emmy Award
5 × Saturn Award
2 × Hugo Award
1 × Peabody Award
webside www.startrek.com/
   .../star-trek-the-next-
   generation
besibbe searjes The Original Series
Deep Space Nine
Voyager
Enterprise
Discovery
Picard
Strange New Worlds

Star Trek: The Next Generation, soms ôfkoarte ta Star Trek: TNG of koartwei TNG, wie in tige súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't 7 seizoenen rûn, fan 1987 oant 1994, en dy't yn withoefolle lannen útstjoerd waard. De titel betsjut: "Stjerretocht: De Folgjende Generaasje". It wie de twadde live actionsearje út 'e Star Trek-franchise, nei Star Trek: The Original Series út 'e 1960-er jierren. Star Trek: The Next Generation wie in science fiction-tillefyzjesearje dy't yn 'e fjouwerentweintichste iuw spilet en it romteskip de USS Enterprise-D en syn bemanning folget by de ferkenning fan 'e Molkewei. De searje wie útsûnderlike populêr en behold oan 'e ein ta hege sjochsifers. Ek wûn er in protte prizen, wêrûnder mar leafst 18 Emmy Awards, 5 Saturn Awards, 2 Hugo Awards en in Peabody Award. Op basis fan dat súkses waard yn 1993 in nije searje yn 'e franchise lansearre: Star Trek: Deep Space Nine.


Developed by StudentB