Stasjon Starum | ||
It Stasjon Starum (2007) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest Fryslân | |
plak | Starum | |
adres | Stasjonswei | |
koördinaten | 52° 53' 12" NB, 5° 21' 36" EL | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Stv | |
type | abry | |
iepening | 28 novimber 1885 | |
boujier | 1883 (earste stasjonsgebou) 1973 (abry) | |
sloopjier | 1973 | |
arsjitekt | M.A. van Wadenoijen | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 1 | |
spoarline | spoar fan Ljouwert nei Starum | |
offisjele webside | ||
NS:Stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Starum (Stv) is it stasjon fan Starum en it einpunt fan de spoarferbining Ljouwert nei Starum ta. It leit yn de uterste súdwesthoeke fan Fryslân. It (kop)stasjon waard iepene op 8 novimber 1885 en joech oansluting op de fearboatferbining nei Inkhuzen, dy't tsjintwurdich allinnich yn de simmer foar toeristen fart. It stasjon wurdt betsjinne troch stoptreinen fan Arriva.
Op 25 july 2010 kaam it stasjon fan Starum yn it nijs doe't der in treinûngelok plak hie. Om 23:30 oere hinne, skeat in frachttrein mei fjouwer as fiif weinen troch de stjitblokken, ried dwers troch in wettersportwinkel en stoppe earst 100 meter fierder op in plein. Twa ûnderhâldspersonielsleden rekken ferwûne.
It stasjonsgebou, út 1884, is yn 1973 sloopt en ferfongen troch in abry.