In steatshaad is in immen dy't dy heechste politike funksje beklaaid yn it regear fan in lân. Sa'nent fertsjintwurdiget formeel de nasjonale ienheid en legitimiteit fan in soevereine steat. Ofhinklik fan 'e steatsfoarm en de skieding fan 'e machten fan it oangeande lân kin it steatshaad tagelyk ek it haad fan it regear wêze, of inkeld in seremoniële funksje hawwe.
Yn lannen mei in presidinsjeel stelsel is it steatshaad, de presidint, ek it haad fan it regear. Foarbylden fan lannen mei sokke regearingssystemen binne de Feriene Steaten, Frankryk, Ruslân en Súd-Afrika. Der binne ek lannen mei in absolute monargy, wêryn't de monarch oan it haad fan it regear stiet. Histoarysk wie dat mei alle monargyen sa, en tsjintwurdich komt men it noch tsjin by û.m. Saûdy-Araabje, Jordaanje, Marokko (in kening), Katar, Koeweit (in emir), Monako (in prins) en it Fatikaan (de paus).
Yn lannen mei in parlemintêr stelsel is it steatshaad ornaris immen dy't nei bûten ta it 'gesicht' fan it lân is, mar dy't polityk sjoen gjin wiere ynfloed fan betsjutting útoefenet op it regearingsbelied. Faak is it steatshaad yn sokke lannen in monarch, lykas yn Nederlân, Belgje, Sweden, it Feriene Keninkryk en Kanada (in kening(inne)), yn Japan (in keizer) en yn Lúksemboarch (in gruthartoch of gruthartoginne). It komt lykwols ek foar dat it om in presidint giet, lykas yn Dútslân, Itaalje en Israel. Yn al sokke gefallen leit de wiere politike macht by de premier (of yn it gefal fan Dútslân, by de bûnskânselier).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side.
|