Stedsk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Stedfrysk | |
eigen namme | Stadsfrys | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 45.000 (2009) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Hollânsk-Frysk ● Stedsk | |
dialekten | Ljouwertersk, Snitsersk, Frjentsjer- tersk, Harnzersk, Boalsertersk, Dokkumersk,Starumersk, Fean- stersk, Kollumersk | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
Nederlân: ● Fryslân (as streektaal) |
It Stedsk, ek wol Stedfrysk of – ferkeard stavere – Stedsfrysk neamd (Stedsk: Stadsfrys), is de bekoepeljende beneaming foar de Hollânsk-Fryske mingdialekten dy't sprutsen wurde yn sân stêden (Ljouwert, Snits, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Dokkum en Starum) en de twa doarpen (It Hearrenfean en Kollum) yn 'e provinsje Fryslân. De Stedske dialekten steane tichter by it Nederlânsk as by it Frysk en de namme "Stedfrysk" is dan ek misliedend, om't it giet om Hollânske en net om Fryske dialekten.