Sturt

In ringsturtmaky, in soarte dy't bekend stiet om syn lange en beweeglike sturt.

In sturt is in nei efteren, nei ûnderen of nei boppen ta (ôfhinklik fan 'e lichemshâlding) útstykjend lichemsdiel fuort boppe de anus, dat foarkomt by in protte bisten. De anatomy en de uterlike skaaimerken fan sturten fariëarje tige. Ferbân hâldend mei de opbou fan 'e rest fan it lichem en it biotoop wêryn't it oangeande bist foarkomt, kinne sturten adaptearre wêze foar utilitêre, definsive en/of sosjale doelen.


Developed by StudentB