Steat Teksas State of Texas | |
---|---|
flagge | wapen |
Friendship (Ingelsk, "Freonskip") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | TX |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1845) |
haadstêd | Austin |
grutste stêd | Houston |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
sifers | |
ynwennertal | 27.695.284 (2015) |
befolkingstichtens | 40,8 / km² |
oerflak | 696.241 km² (2,5% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Lone Star State |
tiidsône | UTC –6 (uterste westen –7) |
simmertiid | UTC –5 (uterste westen –6) |
webside | www.texas.gov |
Teksas (Ingelsk: Texas; útspr.: ['tɛksəs], likernôch "teksus"; Spaansk: Tejas of Texas; útspr. beide kearen ['texas], likernôch "teechas"), offisjeel de Steat Teksas (Ingelsk: State of Texas), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Teksas, byneamd de Lone Star State, leit yn it suden fan 'e Feriene Steaten, oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko en tsjin 'e grins mei Meksiko oan. Histoarysk heart it ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Austin, mar de grutste stêd is Houston. Neffens in skatting út 2015 hie de steat doe krapoan 28 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 2e steat fan 'e Feriene Steaten is, nei Kalifornje. Oangeande oerflak is Teksas mei goed 696.000 km² ek de 2e steat, nei Alaska. Teksas stiet bekend om syn cowboykultuer, syn ierdoaljeyndustry en in 'eigenheid' dy't gjin inkele oare steat belykje kin en dy't troch de Teksanen koestere wurdt.