Telefoan

Ericsson syn earste telefoan fan bakelyt (1931)

In telefoan of tillefoan is in foarm fan telekommunikaasje wêrby't men troch it gebrûk fan twa apparaten dy't mei-inoar yn ferbining steane in petear fiere kin mei immen dy't oars te fier ôf is om mei te praten. Telefoanen kinne mei in snoer oansletten wêze op in netwurk (in 'fêste' telefoan), mar se kinne ek 'los' wêze. Sokke losse apparaten wurde mobile telefoans neamd. De telefoan waard yn 1876 útfûn troch Alexander Graham Bell.


Developed by StudentB