Teletubbies

Teletubbies is in Britske searje op telefyzje dy't begûn is yn 1997, optocht troch Anne Wood. De searje is populêr by bern. De haadfigueren binne Tinky Winky, Dipsy, Laa-Laa, en Po.

De Teletubbies binne fjouwer min-ofte-mear minskeftige figueren dy't yn en om it hûs yn in fel-grien klingelânskip ienfâldige aventoeren hawwe. Fanwegen de doelgroep, poppen en pjutten, hawwe de filmkes in protte herhelling. Ek wurdt der hast neat sein. It meastepart fan de tekst is in groepke fan wurden dy't alle kearen wer brûkt wurde, sein mei folle klom op de lûden. Bygelyks:

  • A-oh! - Hallo
  • Nogkeer! - Nog een keertje! (Nochris)
  • O-oh! - Utrop at eat net goed giet.
  • Dada! - Dag dag! (Oan de ein fan de ôflevering.)

Developed by StudentB