Trier | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 110.570 (2021) | |
Oerflak | 117,06 km² | |
Befolkingsticht. | 945 ynw./km² | |
Hichte | 136 m | |
Oar | ||
Postkoade | 54290, 54292, 54293 54294, 54295, 54296 | |
Koördinaten | 49° 45' N 6° 38' E | |
Offisjele webside | ||
www.trier.de | ||
Kaart | ||
Trier (Frânsk: Trèves, Latyn: Augusta Treverorum) is de âldste stêd fan Dútslân. Stedsdistrikt (kreisfreie Stadt) Trier leit op de rjochterouwer fan de Mûzel en hat sa'n 105.000 ynwenners.
De opdracht ta de bou fan de stêd waard jûn troch de Romeinske keizer Augustus yn 16 f.Kr. De stêd hiet yn it earstoan Augusta Treverorum en wie bedoeld as haadstêd fan de Romeinske provinsje Belgica Prima. In skoftlang wie Trier de haadstêd fan it hiele West-Romeinske Ryk.
In bekend histoarysk monumint yn de stêd is de 2e-iuwske Porta Nigra, de bêst bewarre Romeinske stedspoarte benoarden de Alpen. Der binne noch ferskate oare monuminten út de Romeinske tiid, bygelyks de Kaisertermen, de Barbaratermen en it amfiteater. Ek út lettere perioades hat Trier in soad fraaie monuminten, wêrûnder de bekende 11e- oant 18e-iuwske Dom wêrfan de bou al yn de 4e iuw begûn, en in soad oare tsjerken. Troch har rike ferline har moaie lizzing yn it Moezeldal is Trier in drok toeristeplak wurden.
Trier is in sintrum fan wynhannel en hat in wichtige funksje as winkelsintrum foar in grutte regio. Trier is ek bekend as berteplak fan Karl Marx. Syn bertehûs is no ynrjochte as museum: it Karl Marx-hûs.