Union of European Football Associations Uny fan Jeropeeske Fuotbal Assosjaasjes | ||||
algemiene ynformaasje | ||||
ôfkoarting | UEFA | |||
sport | Fuotbal | |||
regio | Jeropa | |||
haadkantoor | Switserlân Nyon | |||
foarsitter | Aleksander Čeferin | |||
vice-foarsitter | Ángel María Villar Llona | |||
sekretaris-generaal | Theodore Theodoridis | |||
oprjochte | 1954 | |||
tal leden | 55 nasjonale fuotbalbûnen | |||
wrâldbûn | FIFA | |||
Gebiet dêr't de fuotbalbûnen fan de UEFA weikomme | ||||
offisjele webside | ||||
uefa.com | ||||
|
De UEFA, folút de Union of European Football Associations (Uny fan Jeropeeske Fuotbal Assosjaasjes), is it kontrolearjend orgaan foar Jeropeesk fuotbal. It fertsjintwurdiget de nasjonale fuotbalbûnen fan Jeropa, organisearret klupkompetysjes yn Jeropa (Champions League, UEFA Kup ensf.) en beheart it prizejild, de regels en de mediarjochten foar dizze kompetysjes. It is ien fan de 6 kontinintale organisaasjes fan de FIFA. Yn termen fan ynfloed en rykdom is de UEFA de sterkste fan de 6 organisaasjes feriene yn de FIFA.
De UEFA is oprjochte op 15 juny 1954 yn Basel. It haadkwartier stie oant 1959 yn Parys; dêrnei ferhuze de organisaasje nei Bern.