Universiteit Leien | ||
It segel fan de Universiteit Leien | ||
Namme | ||
Latynske namme | Academia Lugduno-Batava | |
Biedwurd | Libertatis Praesidium ('bolwurk fan de frijheid') | |
Lokaasje | ||
Lân | Nederlân | |
Plak | Leien & De Haach | |
Oare bysûnderheden | ||
Oprjochting | 8 febrewaris 1575 | |
Rektor | Prof. dr. Hester Bijl | |
Tal studinten | 29.542 (2017/2018) | |
Tal meiwurkers | 6.500 (31 desimber 2017) | |
Netwurken | Coimbra, EUA, Europaeum, LERU, SAE | |
Offisjele webside | ||
www.leidenuniv.nl |
De Universiteit Leien (Latynske namme: Academia Lugduno-Batava; Ingelske namme: Leiden University), ôfkoarten as UL, waard oprjochten yn 1575 en is de âldste universiteit fan Nederlân. De universiteit hat njoggen fakulteiten, dêr't mear as 25.000 oan studinten ynskreaun steane (stand: akademysk jier 2015-2016). De namme fan de universiteit wie oant 1998 Ryksuniversiteit Leien.