Voltaire

Voltaire

François-Marie Arouet, better bekend ûnder syn pseudonym Voltaire (21 novimber 1694 - 30 maaie 1778), wie in Frânsk skriuwer en filosoof.

Voltaire wie ien fan de grutte filosofen fan de Ferljochting en foaroanman yn de striid foar frije mieningsutering en de rjochten fan de minske. Dêrneist leaude Voltaire oan it Deisme.

Yn 2007 waard troch in klant fan Tresoar in briefke ûntdutsen dat skreaun wie troch Voltaire. It briefke is in reaksje op in oersetting yn it Nederlânsk dy’t P.A. de Huybert van Kruiningen makke fan in troch Voltaire skreaun lofdicht op de Fryske politikus Willem fan Haren. It bysûndere oan it briefke is dat dy yn it Nederlânsk skreaun is. Dêrfoar wienen der noch gjin Nederlânske teksten fûn fan Voltaire.[1][2]

  1. Voltaire skreau ek Hollânsk Omrop Fryslân webside fan 02-04-2007 (sjoen op 13-04-2010)
  2. In mei de hân skreaune brief fan Voltaire fan de Frysk Erfskip webside (sjoen op 13-04-2010)

Developed by StudentB