In wapen is in stik ark dat brûkt wurdt om minsken en/of bisten te ferwûnjen en/of te deadzjen en om foarwerpen te skansearjen. It kin brûkt wurde foar oanfal of ferdigening. Al sûnt de ierste skiednis hawwe minsken wapens brûkt foar de jacht, selsferdigening en oarlochsfiering. Wapens kommme foar yn alle soarten en mjitten. Se kinne tige ienfâldich en spotgoedkeap wêze, lykas in houtene kneppel of in slinger, mar ek heechtechnologysk en rottekrûddjoer, lykas in krúsraket of in tank. Hast alle hurde, skerpe, stompe en swiere foarwerpen kinne as wapen brûkt wurde.
Ynsidinteel wurde aldendeiske foarwerpen omboud ta wapen, lykas in sjitbalpinne, in sjitparaplu of in sjitkaaihinger dêr't in kûgel mei ôffjurre wurde kin. Ek foarwerpen dêr't neat oan feroare is en dy't net bedoeld binne om as wapen brûkt te wurden, kinne faak wol as sadanich ynset wurde. In motorreau kin bgl. brûkt wurde om mei opsetsin te deadzjen, ferwûnjen troch oanriding. Sels minsklike lichemsdielen kinne as wapen brûkt wurde; dat wurde natuerlike wapens neamd, en it brûken derfan wurdt oefene by selsferdigeningskeunsten en fjochtsporten. In soad biste- en plantesoarten hawwe 'ynboude' wapens, lykas klauwen, giftosken of al as net giftige angels en stikels of toarnen.
It grutste diel fan 'e wapens op 'e wrâld wurdt tsjintwurdich yn in lyts tal lannen makke. Sa binne de fiif permaninte leden fan de FN-Feilichheidsried ek de grutste wapenprodusinten. Elk jier wurdt foar withoefolle miljarden euro's yn wapens hannele.