Wringedieren

Wringedieren
De biodiversiteit fan wringedieren.
De biodiversiteit fan wringedieren.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
Cuvier, 1812

De wringedieren, rêchbonkedieren of fertebraten (Latynske namme: Vertebrata) foarmje in ûnderstamme fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de boppestamme fan 'e nijmûnigen (Deuterostomata) en de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata). Ta dizze ûnderstamme hearre û.m. de sûchdieren, fûgels, reptilen, amfibyen en fisken, mei yn totaal sa'n 64.000 wittenskiplik beskreaune soarten. Dêrmei foarmje de wringedieren fierwei de grutste groep binnen de rêchstringdieren, dy't út likernôch 67.000 soarten besteane.


Developed by StudentB