Yndo-Jeropeeske talen

Yndo-Jeropeeske talen
algemien
oare namme(n) Yndogermaanske talen
lokaasje fan oarsprong Jeropa,
Lyts-Aazje, Perzje, súdlik
Sintraal-Aazje en it
Yndiaaske subkontinint
tal talen >400
tal sprekkers >3 miljard (2009)
taalbesibskip
taalfamylje gjin algemien akseptearre
heger nivo fan taalfamylje
subgroepen Anatoalysk
Armeensk
Balto-Slavysk
Germaansk
Helleensk
Illyrysk
Yndo-Iraansk
Italo-Keltysk
Tochaarsk
Trasysk
taalkoades
ISO 639-5 ine
ISO 639-6 ineu

De Yndo-Jeropeeske talen, foarhinne ek wol bekend as de Yndogermaanske talen, foarmje in tige grutte, saneamde supertaalfamylje, wêrfan't de talen sûnt 'e Aldheid sprutsen wurde yn hast hiele Jeropa en grutte parten fan Súd-Aazje en it Heine Easten. It Hettitysk, dat oerlevere is út 'e sechstjinde iuw f.Kr., is de ierst dokumintearre Yndo-Jeropeeske taal. Histoarysk wiene fierders it Aldgryksk en it Latyn fan tige grutte betsjutting foar de ûntjouwing fan 'e Westerske kultuer, wylst oangeande it Sanskryt itselde sein wurde kin foar de kultuer fan it Yndysk subkontinint en oangeande it Avestaansk en it Perzysk foar de kultuer fan Iraan, Afganistan en Tadzjikistan. Troch migraasje en kolonisaasje hawwe guon Yndo-Jeropeeske talen, benammen it Ingelsk, Spaansk, Portegeesk, Frânsk en Russysk, har yn 'e lêste fiifhûndert jier ferspraat nei Sibearje, Noard- en Súd-Amearika, Súdlik Afrika, Austraalje en Nij-Seelân.


Developed by StudentB