De yndustry (fan it Latynske industria, 'iverigens', 'warberens'), mei in âld wurd ek wol niverheid neamd, is dat diel fan 'e ekonomy dat karakterisearre wurdt troch de produksje en ferwurking fan materieel guod yn fabriken en oare ûndernimmings. In skaaimerk fan 'e yndustry is ornaris in hege gradaasje fan meganisearring en automatisearring (yn tsjinstelling ta ambachtlike foarmen fan produksje). It proses wêrby't troch meganisearring en de byhearrende feroarings yn 'e produksje-organisaasje oerstapt wurdt fan ambachtlike foarmen fan produksje nei yndustry wurdt yndustrialisaasje neamd.