ynspekteur G. Lestrade personaazje út 'e Sherlock Holmes-searje | ||
Ynspekteur Lestrade arrestearret in fertochte op in yllustraasje fan Sidney Paget by it koarte ferhaal The Adventure of the Cardboard Box. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berop/amt | plysje-ynspekteur | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Sherlock Holmes dokter Watson Mycroft Holmes Irene Adler professor Moriarty | |
geastlike heit | sir Arthur Conan Doyle | |
ûntstean | 1887 |
Ynspekteur Lestrade (útspr.: [lɛˈstɹaːd], likernôch "les-straad", of: [lɛˈstɹeːd], likernôch "les-streed"), folsleine namme (ynsafier bekend): G. Lestrade, is in fiktyf personaazje út 'e Sherlock Homes-searje fan detektiveromans en -ferhalen fan 'e Britske skriuwer sir Arthur Conan Doyle. It personaazje waard yntrodusearre yn 'e roman A Study in Scarlet, it alderearste Sherlock Holmes-ferhaal. Lestrade is in ynspekteur by de Londenske plysje fan Scotland Yard, dy't by ûndersiken gauris gearwurket mei de privee-detektive Sherlock Holmes. Hy is de meast promininte plysjeman yn 'e Sherlock Holmes-ferhalen en wurdt foarstelt as wisberet en hurdwurkjend, mar net by machte om 'e yngewikkelde saken op te lossen dy't Holmes syn spesjaliteit binne.