Ynternasjonale Utstalling fan Filmkeunst fan de Biënnale fan Feneesje Mostra Internazionale d'Arte Cinematografica della Biennale di Venezia | ||
De Liuw fan Feneesje, it symboal fan it filmfestival. | ||
plak en tiid | ||
lân | Itaalje | |
aut. regio | Feneto | |
metrop. stêd | Feneesje | |
plak | Feneesje | |
holden yn | Palazzo del Cinema | |
tiid fan it jier | ein augustus, begjin septimber | |
bysûnderheden | ||
oare namme | Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1932 – no | |
oprjochter | Giuseppe Volpi Luciano de Feo Antonio Maraini | |
offisjele webside | ||
labiennale.org/en/cinema |
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, dat offisjeel eins de Ynternasjonale Utstalling fan Filmkeunst fan de Biënnale fan Feneesje (Italjaansk: Mostra Internazionale d'Arte Cinematografica della Biennale di Venezia) hjit, is in filmfestival dat elts jier yn 'e Italjaanske stêd Feneesje holden wurdt. It waard yn 1932 oprjochte en is dêrmei it âldste filmfestival fan 'e wrâld. Yn 'e mande mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn Frankryk, en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn, yn Dútslân, heart it ta de 'Grutte Trije' fan 'e filmfestivals. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje falt elts jier yn ein augustus en/of begjin septimber en wurdt holden yn it Palazzo del Cinema yn it Lido yn 'e Golf fan Feneesje. It makket ûnderdiel út fan in grutter evenemint, de Biënnale fan Feneesje, dy't yn 1893 oprjochte waard en behalven oan filmkeunst ek omtinken jout oan keunst, arsjitektuer, dûns, muzyk en teäter. De wichtichste priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje is de Gouden Liuw.