Yola | ||
algemien | ||
oare namme(n) | dialekt fan Forth en Bargy | |
lânseigen yn | Ierlân | |
tal sprekkers | – († ±1850) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Angelsaksysk ● Yola | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | yol |
It Yola is in útstoarne taal dy't foarhinne yn súdeastlik Ierlân sprutsen waard, en dy't nei alle gedachten ta de Noardwestgermaanske groep fan 'e Westgermaanske talen hearde. Mei it Ingelsk, it Skotsk en it krektlyk útstoarne Fingaalsk foarmet it de Angelsaksyske taalgroep. De namme "Yola" is ôfkomstich fan it Yola-wurd foar "âld", yoal, dat blykber faak brûkt waard om 'e taal te beskriuwen (yn 'e sin fan "de âlde taal").