Noarsk

Noarsk
algemien
eigen namme norsk
lânseigen yn Noarwegen, Sweden, Denemark, Yslân, Feriene Steaten
tal sprekkers 5.000.000
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Noardgermaansk - Westskandinavysk - Noarsk
taalstatus
offisjele status Offisjeel yn Noarwegen
taalkoades
ISO 639-1 no (Noarsk), nb (Bokmål), nn (Nynorsk)
ISO 639-2 nor (Noarsk) nob (Bokmål), nno (Nynorsk)
ISO 639-3 nor (Noarsk) nob (Bokmål), nno (Nynorsk)


It Noarsk is in Noardgermaanske taal dy’t ûnderdiel útmakket fan de Yndo-Jeropeeske taalfamylje dy’t troch likernôch 4,5 miljoen sprutsen wurdt. It is in offisjele taal yn Noarwegen.

It Noarsk is nau besibbe oan de oare twa talen oan de Skandinavyske fêste wal, it Deensk en it Sweedsk. Dizze trije talen binne ûnder elkoar reedlik te ferstean. Twa oare Skandinavyske talen, it Iislânsk en it Faeröersk, binne net mear fersteanber mei it Noarsk, Sweedsk en Deensk.

Der binne twa offisjele skriuwtalen fan it Noarsk, it Bokmål en it Nynorsk. Ek binne der in soad dialekten. Alhoewol’t de measte dialekten it measte wei hawwe fan it Nynorsk as fan Bokmål, wurdt it Nynorsk troch mar 10-15 % fan de Noaren as skriuwtaal brûkt, it oare part brûkt it Bokmål.

Oars as yn de measte oare lannen is it yn Noarwegen sosjaal akseptearre om yn it dialekt te sprekken. Der is gjin “algemien beskaafd Noarsk” of soks sawat. Wol is der it Standard Østnorsk (Standert Eastnoarsk), mar dat wurdt mar troch in tige lyts part fan de befolking brûkt. Op telefyzje en op de radio wurdt faak gebrûk makke fan in foarm fan ien fan de skriuwtalen.

It Noarsk wurdt skreaun yn it Latynske alfabet, wêryn nei de z noch trije tekens komme, de æ, ø en å. Dizze letters wurde sjoen as aparte letters. De c, q, w, x en z wurde kwealik brûkt.

Skaaimerk fan it Noarsk is de prosody, it is in lûdtaal. Der besteane twa ferskate lûden, dizze kinne betsjuttingsûnderskiedend wêze. De selsstannige namwurden bønder en bønner (de útspraak is itselde, op it lûd of it aksint nei) betsjutte boeren en beanen (it twadde wurd kin ek gebed betsjut, ôfhinklik fan de kontekst).


Developed by StudentB